De Ferjilder
Foaropwurd
Wat in goed berjucht dat 'De Ferjilder' wer utbrocht wurdt en no seis
yn 't Frysk!
As fuortsetting fan in ferhaal oer 'De selskant; dêr't hear Bommel al
syn besit yn kwytrekket, skreau Marten Toonder yn 1984 'De Ferjilder'.
In fantasij oer in jildmesine, sa't elkenien dy wolris hän hat? Of in tsjus-
tere skets fan in finansjele sektor dêr't alles dat men sjucht en alles dat
jin leaf is, yn jild omset wurdt?
Nei't er fan 'e seiskant weromkommen is, stroffelt hear Olly oer in sint.
De diagnoaze fan dokter is dudlik: meepske simmels en in slo erende
winterwurgens. "Wêrom doehst net wat nuttichs?" ret syn bêste freon-
dinne en buorfrou Oekje him. Wat troch hear Olly oerset wurdt as:
"Saken dwaan (want yn 't bûtenlän leit it jild foar 't opskeppen)".
Sadwaande bedarret hear Olly yn in holdersnêst fan stellen en slûkerij,
slûchslimme ynfestearders, trochtrape sutelders, fyn ynleine abbekaten
beselskippe fan spiersterke bruiers, stege amtners en driigjende Iisin-
sjehälders. De Ferjilder is in piramidespul dat hyltyd ferlet hat fan 'by-
fuorjen'. En wat leare wy dêrfan? [ild om 'e nocht bestiet der net? In
brûkbere les nei de finansjele krisis fan 'e lêste jierren. Of doch ienfäl-
dichwei: in hear mei in fynfielich aard kin better net mei sakedwaan
piele ("Men kin as hear folle better yn stillichheid goeddwaan")? Yn alle
gefallen: de ferlieding fan it grutte jild leit altyd op 'e loer. Dan doch
mar Oekje har goerie folgje: "Gean leaver oan 't wurk ynpleats fan sa
kniperich te wêzen!"
In protte lêsnocht.